Troch de tiid mei Tseard en Tryntsje Betten

Artikel is oorspronkelijk gepubliceerd in de  speciale  uitgave van dorpskant  “Wier Nijs” oktober 2023.

It sit der tige smûk by Tseard en Tryntsje Betten. As hat de tiid stil stien. 

De sfear bringt my werom by myn pake en beppe; de itenstafel, de noflike stoel en de wand fol mei blide oantinkings fan jubilea, pake- en beppesizzers en foto’s út de natuer en teksten út de Skriftuer It âlder wurden kriget fet op it lichem en mankeminten komme der mear en mear. Mar de ‘holle’ is noch fris en by de tiid. It nijs wurdt goed folge en de Fryske Deiblêden lizze tsjok opsteapele op it tafeltsje. As ik der altomets eefkes binnen waai, altyd wolkom. Praat by de fleet. Soms wurdt der tryst mei de holle skodde; it giet mâl yn de wrâld en it langstme nei eartiids fan rêst en feiligens is te fielen. Se libje mei it trelit en de wredens fan en yn de wrâld. “Mar wat hawwe wy it hjir noch goed!”  Nettsjinsteande de ‘phpd’s –  pine hjir, pine dêr’, binne se tankber en tefreden.  

 

Tseard ferteld fan syn aaisykjen. Tûke aaisikers kamen mei in lege pet troch de hikke. Mar Tseard die noch in slach en hie amper tsien minuten letter it trijke ûnder de pet. Sa hearde hy yn syn jonge jierren ris in kear in fûgellûd út de wâl. Wat wie dat? Seldsum gelûd en nei ûndersyk bliek it in teapert te wêzen. It lokjende lûd fan it mantsje liket op it lûd ast in izeren kaam oer in bankpas hinne skuorst.  ‘Rèrrp rèrrp’ klinkt it snuorjen yn de skimer en is ek nachts út de lange gerzen noch te hearren. Tseard die dat lûd  nei en de teapert tocht dat der in konkurrint yn de reiden siet en rôp mar troch! Sûnt 1950 is de kwartelkoning ferdwûn út it lege midden. Yn 2019 is er noch in kear heard by Nij Beets. Mei in droan is der ûntdutsen mar nei ferrin fan tiid  wie er net mear te finen. 

 

Hjoed wol ik nochris Tseard syn libbensferhaal oanhearre; in bysûnder ferhaal. Kofjetiid kom ik troch de doar en it Reade Krús boek leit iepen op de tafel. Mear as 50 jier hat Tseard dêr frijwillgerswurk foar dien as E.H.B.O’er by it Reade Krús. En no wurde de âlde foto’s en in protte kranteknipsels nochris op ‘e nij besjoen. En de foto’s litte Tseard net allinne as fersoarger sjen, mar ek as tonielspiler, sjonger, dirigent en dit fral om wille te meitsjen by en mei de pasjinten. En as it eefkes ‘fêst’ siet, komt tiid, komt rie; Tseard wie de gongmakker! En net allinne de âlde minsken wiene mâl mei him, mar ek de jonge susters dûnsen om Tseard hinne. Altyd wol ree foar wat gritsen en gratsen. It gie net mâl genôch. “Mei nocht en wille ha ik de tiid mei dy minsken troch brocht.” 

 

Tseard is berne yn 1932 op 5 maaie op in skûtsje yn de Houkefeart. r dêr kaam er pas folle letter achter, krekt foar dat er trouwe soe mei Tryntsje Schakel út Westhim. De earste jierren groeide Tseard op yn Easterwâlde. Yn 1941 is Tseard mei syn broer Jan fan hûs ôfhelle en yn Gau belâne by frou Geeske Jellema. Tseard is de fjirde út in húshâlding fan alve bern mar sa seit er; “It wie in húshâlding fan Jan Steen. Wie ik dêr bleaun hie ik hjir no net sitten.”Ien kear hat Tseard as jonkje syn heit en mem noch sjoen. Yn Gau kaam Tseard foar it earst op skoalle. “Ik wist fan neat. In rare boel wie it.  Mar Jan en ik ha it goed troffen by frou Jellema, Dat is ús gelok west.” En at der hea op it lân lei dan krigen de jonges ‘hooibouwverlof.’ De Dútsers kwartieren yn de skoalle  en ien kear yn de wike wie der in healoere Dútske les. “Ik ha noait wat fan dy taal leard ju.” Der is fierders net folle kontakt mear mei de femylje west. De broers en susters “binne allegear op it ferkearde paad bedarre, foar galge en rêd opgroeid.” Der sit in barst yn syn lûd.  Tseard sjocht mankelyk nei bûten; dêr stiet syn tsjerke en fernimst dat hy graach wollen hie dat se it allegear sa troffen hiene as hy. Mar de tiid kinst net werom draaie. 

 

Doe’t Tseard op de Potten wurke fan 1966 ôf oant en mei 1999, siet dêr yn in fekânsje húske de âlde dûmny fan Gau, ds Tasseron. Tseard der op ta; “Kenne jo my noch wol dûmny?” Wol nee, de man wist net wa’t Tseard wie. Hoe as Tseard wist dat hy hjir siet? ‘Jo hawwe my doopt froeger!’ Mar ja, dat wist de man net mear. Te lang lyn fansels.” Lykwols, de Bibel ferhalen hiene wol yngong by it snoade en tûke keardeltsje. Tseard sloech de ferhalen op yn syn hert, libbet der mei en libbet it út;  

fêst hâlde oan God en gebod en goed wêze foar de neisten. “Jan en ik ha gelok hân dat wy it dat meikrigen ha fan beppe Geeske. Oars hie it mei my miskien ek goed ferkeard ôfrûn.” Sa wurdt nochris mei klam sein. 

Yn 1956 waard Tseard sneinskoalle lieder. Wa yn de Legegeaën kin net mear dy prachtige ferhalen fan Tseard werom helje? Dy oantinkens steane by in knoarre lju noch yn it ûnthâld. Bibelferhalen waarden in beleving en de krystferhalen hichtepunten fan de fiering. Koest in spjelde fallen hearre, hat Botsje my gauris ferteld, as Tseard in spannend ferhaal fertelde en de teare snaren yn it bernemoed rekken. Faak kuiere Tseard de Griene Dyk eefkes om, om de fantasije te prikkeljen. 

Yn 2012 kaam der in ein oan.  “Och man, wat wie dat in moaie tiid!” Mar leafst 56 jier hat Tseard it Boadskip fan leafde en genede troch jûn! En it moaiste ferhaal bliuwt foar Tseard ‘de barmhertige Sameritaan.’ (Lukas 10:25-37)  

In tiidleas Boadskip. 

 

Op syn tolfde kaam Tseard yn tsjinst by boer Wiebe Cnossen yn Gau. Melken leare en ûngetiidzje, keallefange en strontbûtse. Dútsers strúnden troch it doarp. “Der wiene goeie jonges by. Sy moasten ek!” Dêrnei waard Tseard feintsje op ‘e Syl by femylje Hâns en Wieke Terpstra. Wieke wie de dochter fan frou Jellema. In moai plak mar de besetting ferbruide de boel. “Der gebeurde wat, dat sil ik dy sizze!” Eangstige mominten op ‘e Syl, wer’t fjouwer minsken ûnderdûkt sieten en in Joadinne. “Har echte namme hawwe nea witten.” Nei in tiid op ‘e Syl ferfear Tseard nei Toppenhuzen. “Dêr wie ik mar in jier want dêr wie ik suver in slaaf. Mei it boatsje nei de kij ta en mei de hân melke. Ik koe de kij sûnder spantou melke. Mar yn de winter stiene se droech en moast ik allehande oare putsjes dwaan sa as de boargen boarne of jirpel skile. Se koene my oeral foar brûke. Mar ik krige myn nocht der fan. Ik hie neat te sizzen en moast by de fâdij/voogdij komme. Mar ik sei, ik wol oar wurk! En doe bin ik by Krikke kommen, wer’t Piet Tsjalsma no wennet. Dêr bin ik fiif jier west en doe hie ik myn nocht. De boer skold en tjirge him om neat. Iten hoegde ik net mear – ik siet sa fol!”  Tseard hellet de hân ûnder de noas lâns. “Dy middeis gie ik te greppeljen mar sei tsjin my sels;  Tseard wat bist in kloat. Dat ik brocht de snijseine werom en die myn klean yn de kiste. Mei de kiste achter op de fyts nei hûs yn Gau. Mar in wike litte kaam Krikke oansetten. Hy woe him ferbetterje. “Miene jo dat echt?” sei ik! Hy miende it echt en we hawwe in prachtich moai jier hân.” In jier letter nei Germ Boschma – no Benny – en doe nei Hindrik Jager wer’t no Gerrit en Petra wenje. By Hindrik en Sytske Jager hie Tseard in goede tiid. Foar in arbeider wie wichtich dat er goed opsjitte koe mei de boer en boerinne. t is ‘de nageboorte’– lizzen en frege wat dat wie. Hy tocht fansels, se slûkje hjirre – dit is yn’t geheim slachtsje – . Ja, ûngâns yn it Dútsk; dat wist ik net yn it. Wat wist ik der fan. Dus ik sei, kom mar mei. Doe hat Tseard him it keal sjen litten. Aha, hy begriep Tseard. Dit wie link! Want de radio lei ek yn it bûthûs. Mar gelokkich wie der krekt hea oer hinne smiten. En de gewearen fan de fersetstriders leine foar de kij! Mar ek dêr lei hea oer hinne. Doe kaam er yn de heaberch en seach er dat it hea splitten wie. (rjocht ôfstutsen) Hy soe der yn sjitte! Ik sei: nee jong! En doe liet ik him sjen hoe as jo in splitlodde brûke. No, dat fûn er tige ynteressant – schön, schön – sei er en sa is er wer ôfsetten. Mar Hâns wie wol wat opsternaat; Hoe koest dy fint sa fier komme litte. Mar ik sei; ik koe net oars!” En mei in sucht; “In spannende tiid jong.” 

 

Dan komt Tryntsje der tusken. 

Tagelyk mei it kofje ynskinken seit Tryntsje dat se yn 1957 troud binne. Tryntsje is berne yn Westhim en hat hiel wat wurk by oaren opklaud, mar beiden rekken tagelyk by de boer wei. Fêste kontrakten wiene der doe net. Dochs koene se dit húske krije, no ja, hiere. En dan dus trouwe, want hokjen wie der net by. – Mar ho ris eefkes; hoe hawwe jimme elkoar troffen? –  

Wy moatte eefkes werom yn de tiid;   “Ja, ûnder it fytsen! Sneintejûns fytste ik nei Westhim ta en sa fytste Tseard mei my mei. Dan brocht hy my thús en krige in kopke tee en dan om njoggen oere jûns wer werom. In kear wie it sok min waar, doe woe ús heit Tseard  net werom fytse litte nei Gau. De oare moarns wie it waar opknapt en Tseard as de wjerljocht werom. Beppe Geeske hie suver de hiele nacht op ‘e dyk omtoarke; wer bliuwt dy jonge! Se wie tige ûngerêst west. Ja, tillefoan hiene wy net no.” Sa giet it mei fereale jongelju;  de tiid skyt oeren as de feint by de faam sit en dan hâldst waar en wyn net yn de gaten. Oer it nijmoardrige beljen binne Tseard en Tryntsje fine se mar neat. “Gewoan prate kinne se net mear. Se sitte altyd mei dat ding yn de hân te friemeljen.” Ja, hjoededei is greppeljen en hânmelken der net mear by en tinke de stedsjongelju dat de molke yn de fabryk makke wurdt. “En at se in ko tsjinkomme skite se yn de broek.” Tiden hawwe tiden. 

 

Oer in broek sprutsen; 

Op in waarme simmerdei woe Tseard as frijfeint graach eefkes te swimmen op de Gauster Hoppen. 

Blinder, hie er syn swimbroek fergetten. No dan alles mar eefkes út en lekker yn de bleate by de sânplaat it wetter yn. Nei in hoart soe Tseard der wer út, sieten der trije froulju op ‘e wâl. Hoe no? Tseard hie de tiid net oan himsels en moast wer nei de boer. Doe hat Tseard mar in eintsje fierder swommen en is troch de boskjes stiekum nei syn klean ta slûpt. Gelokkich leine dy der noch. De froulju hawwe grif oare saken by de hân hant…..want oars hiene se wierskynlik op de klean fan Tseard sitten gien en hoe hie it dan beteard? Leave 17! Hy moat der net oan tinke mar laket der no om. Oare tiden, oere seden.  

 

Dus sa kamen se sneintejûns by elkoar op besite; in kopke tee en prate mei de âlders fansels;  dy woene al witte hokfoar fleis at se yn de kûpe hiene. Soms seine de âldelju;  ‘Wy geane op bêd, mar net te let meitsje jimme hear!’ Dan wie it tiid foar in tútsje! Nei ferrin fan tiid wie it mienens; se joegen elkoar it ‘ja’ wurd. It wie Tryntsje har ienigste feint. Oaren makken it har jûns te let. “Jawis, mar doe moasten we elkoar noch kennen leare,” laket Tryntsje en se sjocht Tseard noch in lyts bytsje ûndogens oan. Men moat oan elkoar wenne. Nimme en jaan. Dy glimket gol werom; it is in leave taast yn it ferline wêrfan de echo noch op it gesicht leit. Ik mei wol faker troch de doar komme en altyd falt it my wer op hoe goed as dy twa opsjitte kinne. Rûzje en wrokje? It komt yn harren trouboekje net foar.En sa is my wol tafertroud; se hawwe noch in protte wille. En leafde! Mar alles moat hjir mar net skreaun en sein wurde….gean sels mar op besite soe’k sizze. 

 

En nei de trouwerij op 27 juni ’57 kamen se yn dat húske oan de Fiifgeawei – eartiids Offenwier nûmer 2 – en krigen letter hjir fjouwer bern; Tineke, Durk Gerdiene (Geeske) en Johan – ferneamd nei broerke Jan en Hâns Terpstra. Yn 1960 waard Tseard boade fan it doarp. Dat wie doe ek al in protte wurk mar oars as no. It wie ynearsten it leed oansizze; as der in doarpsgenoat ferstoarn wie gie Tseard by de doarren lâns om it persoanlik te fertellen. Ien kear moast hy twaris deis by de doarren del. Rinnendewei mar “de pleatsen bûtenút die ik op de fyts.” Dan klokliede, in healoere lang, grêf dolle – 10 gûne foar 4 oeren grave –  acht dragers regelje, neibesteanden bystean en de beierdiging fersoargje.*  En foar dy pear sinten moast Tseard letter ek noch opdrave by it belestingkantoar yn Snits. “Jow my dan mar in nije skeppe,”sei Tseard. Hy woe net belesting betelje oer dat tsientsje. “Mar it wie buertplicht,” seit Tseard en gjin geklaai en geseur. Der kaam mear frijwilligers wurk; se koene Tseard en Tryntsje wol fine en se seine nea ‘nee’. “Och, dy goeie âlde tiid.” 

 

Oer buertplicht sprutsen; 

Ien kear yn de moanne moast Tseard pake Anne v d Heide de neilen knippe. Dy wiene dan sa bonke hurd, dat Tseard dit putsje mei de knyptange die. It advys; fuotten tenei yn de tobbe en foarwekje. Dat skeelt in protte tiid. Letter gie Tseard ek mei Auke v d Heide op ’n paad. Keallen ophelje en dan nei de Ljouwerter merke. Mei Auke koer er skriuwe en lêze. Moaie ritten binne der makke. 

 

Nei it wurk op de pleats hat Tseard noch in jier as túnman yn Snits wurke. Mar doe krige er it breinharsensflues (hersenvliesontsteking) en tagelyk bloedfergiftigjen.  In jier yn de syktewet en dêr koe de wrotter mar min oer. Mar op ‘e kuier oer de Potten kaam er de direkteur fan it park tsjin. Dy frege Tseard wer’t er wei kaam en sa krige se in hiel petear. “At jo hjir ris in baantsje hawwe, dan hâld ik my oanrekommadearre.” En sa kaam Tseard yn 1966 op de Potten te wurkjen. Terrein tsjinst. In prachtige tiid. En deade bisten sammelje! Bûtendoar, bêste kollega’s en klear stean foar de gasten. Trochdat in hernia Tseard goed te pakken hie, moast er yn 1999 ôfskie nimme. Nei in operaasje yn Grins waard Tseard  ôfkeurd;  it lichem hie al hiel wat wurk fersetten en as de lea net mear wol dan hâld it op.It wrotten en wramen wie no earst wol klear. 

Mar de tiid is uzes mei-inoar en ferfele soe der net by wêze.   

Ek de bisten yn de natuer hawwe altyd Tseard syn passy west. 

Earder fertelde Tseard oan my; “Ien kear seach ik in wite harmeling/hermelijn yn de wâl loeren op in reidhintsje/waterhoen. Mar ik woe dat reidhintsje eins rêde fan de wisse dea en krûp djip yn de wâl. Tagelyk genoate ik fan de natuer; skitterjend en tagelyk ek wreed. Plysjes sochten doe nei streupers en krekt dêre stapte ien yn in strik. Doe seagen se Tseard ek en harrren konklúzje wie;“No hawwe him!” Tseard klautere omheech en waard suver wat boas; “Wer hawwe jimme it oer! Gean echte boeven pakken! Jimme hawwe my it moaiste momint fan de dei ôfpakt!” Sa fûn Tseard yn 1968 in deade fiskotter. Tseard fytse alle dagen troch de Bokkefinne – Pieter en pake Geart Bok hiene oant 1960 op de Bokkepleats wenne, no Nico en Jeltine – nei de Griene Dyk. 

By de dûker siet al moarnen in otter; dêr streamde wetter en farske fisk kaam mei. Mar dy deis net. By bungalo 14 lei in deade otter. Plysje der by; de otter moast mei foar ûndersyk. Tseard sette in petear op en wist de facht te bemachtigjen. Dy gie nei Foeke Tienstra dy’t it feltsje opstoppe. 

En sa kaam de otter te pronk yn de keamer tusken ferskate oare bisten en fûgels. It waard op’t lêst sa fol dat alles is nei it klompemuseum fan Skerjon yn Burgum brocht. Gelokkich sjogge we en hearre we dat de otter wer yn ús kontreien is. 

 

Yntermezzo; 

As ik it libben sa oereidzje fan dizze twa, dan sjoch ik de tiid sawol syklysk as lineêr. De minske makket diel út fan de natuer en har ritme. De omrin of sirkelgong fan de jiertiden en fan in minskelibben; de wille en waarmte, de wrakseling mei drôfenis, de groei nei wysheid en it woarteljen yn bygelyks sa as by Tseard en Tryntsje, yn it leauwen. Tagelyk makket de minske diel út fan de skiednis en is it in reis nei de takomst. De reis tusken widze en it grêf wurdt hoe dan ek makke. Yn it ‘âlde witten’ is it in komposysje fan twa tema’s, it ivige en it fergonkelike, it tiidleaze en it ierdske. Oeren en moannen en mear hawwe minsken yn de sinnetiid fêstlein. Mar it ûntstean fan de wike mei sân dagen leit yn in fier ferline. De wikelikse moeting tusken no en doe, bepaalt ús bewustwêzen; wy libje yn ús eigen ferhaal, werfan wy sels it lêste haadstik skriuwe.  Mei yn kear yn de wike in rêstpunt; unyk en djipsinnich. Stilstean en sykhelje! In minske hat it nedich en Tseard en Tryntsje fûnen dêr freugde yn! 

 

It frijwilligers wurk hold net op! Nee. It wreide him út! It tsjerkhôf moast ûnderholden wurde. De damklup moast ek helpe.  Dan mochten se fergees it gebou brûke. Mar der wie mar ien dy’t it wurk dêre die  en mei de seine meande; Tseard Betten. Tseard hie kninen as hobby en hy hold fan túnkjen op de folkstún, as der noch wat tiid oer wie. En fansels – en dat wit elkenien yn it doarp – omtinken oan de doarpsgenoaten. ‘It is better te jaan dan te krijen,’ soest sa op harren plakke kinne. Tseard hat sa as al sein 50 jier by it Reade Krús wurke. Plakboeken fol mei foto’s en kranteknipsels; in argyf gelyk. Der binne in protte âldbekenden dy’t dizze boeken graach ynsjen wolle. As ik dy boeken troch bledderje, dan strielt it der fan ôf, dat Tseard en Tryntsje foar in soad lju wat bysûnders betsjutten hawwe. Altyd myld en woldiedich foar in oar; sis mar golhertich! Alle moandeitejûnen wie Tseard op paad; oefenje foar E.H.B.O’er, sprekkers hearre oer gefaren fan drugs en drank, leare en ferbine, proefpersoan wêze  en soms gie Tryntsje mei. Der waarden reiskes organisearre en Tryntsje helle en brocht de minsken wer fan en yn hûs. De Soos aktiviteiten foar ‘blinden en slechtzienden’ wiene ek in grut sukses. Der waard hiel wat op tou setten. Blomskikke en kryststikjes meitsje. Jan Brandsma levere it blomme guod en mear en wie tagelyk ek de sjuery. Tseard wûn meast de priis en grut wie wer de wille fan ferwûndering ûnder de froulju! Hoe koe dat sa? Tseard stuts syn blomme pylken heech boppe alles út. Yn de Snitswike mei de plysjeboat oer de Snitsermar makke ek yndruk op Tseard. Tryntsje hie har drokten met de frouljusferiening ‘het Mosterdzaadje’. De namme komme we tsjin yn Lukas 13:18-21 en Lukas 17:5 en 6. “Fierders moast ik thús wêze,”seit Tryntsje, wizende nei Tseard, “want hy wie altyd fuort.” Se wiist glimkjend nei Tseard. “Mar ik gie ek wol mei hear om te helpen.” En thús hat Tryntsje hûnderten kaarten skreaun om minsken te bemoedigjen. Haakt mei oare froulju der noch fleurich op los en skarrelt sels mei skjirre en skoffel troch de tún. Krekt begjin oktober hawwe se wer berjocht krigen dat se alwer in priis wûn hawwe foar de moaiste tún. Ek alris ha se de priis krigen foar de moaiste tún fan Snits en omkriten! De tún is like grien, kleurich en fleurich as Tseard en Tryntsje.  Mar simmerdeis is it ûngetiid; hast net samar in priis te pakken! 

 

“Meitsje fan de gewearen in boemerang.” 

Sa stie boppe in ynterview mei Betten yn de Snitser krante. Hy hie de reis nei Joegoslavië makke yn 1992 en dat hat Tseard rekke! Mei de trein der hinne, ús âlde húsdokter J.J.M. Jansen wie ek mei as kolonnedokter.Tseard wie ek frege. “Ik ha der net in tel oer prakkeseaerre. Dat wie in reis jong, sil ik dy fertelle. Hielendal nei Zagreb en gelokkich fernamen wy neat fan de oarloch, mar doe’t de flechtlingen op it stasjon oankamen seagen we de kûgelgatten yn de bussen. En in soad minsken hiene stikkene bonken. Dat wie mei stikken izer wer oan elkoar setten. It stuts der gewoan ta út. In nuver gesicht. En der stie spanning op de weromreis! De 600 slachtoffers waarden nei Utert brocht wer’t se hjir en dêr ûnderdak krigen.” Yn de krante fan 31 aug 1992 wurdt Tseard sitearre; “Ik kin der wol om janke, ik wurd weak fan dy oarloggerij. Meitsje fan de gewearen mar in boemerang, sadat de kûgel harren sels yn it boarst rekket.” Soks seit Tseard net samar! Foto’s fan Tseard yn alle kranten. Ek yn Drinte by de treinkaping op ‘de Punt’ yn 1977 wie Tseard oproppen om te helpen. Ja, oeral is in tiid foar, sei de Preker al; in tiid fan oarloch, in tiid fan frede. (Prediker 3:1-8) – Gjin mâlder guod as minsken – 

 

No noch bin der in soad kontakten. Tegearre 178 jier âld mar noch jong fan binnen. 

As ik noch eefkes oanklopje om nammen helder te krijen, komme de Túnwrotters ek binnen. Ek sy drinke altyd by Tseard en Tryntsje kofje en de koeke leit op it pantsje. “Pak mar hear.” By Tseard is op dizze respektabele âldens de gong der wat út;  de measte meters geane no op tsjiltsjes. Hertkwaal en nierproblemen bite elkoar; Tseard mei absolút net in soad drinke. It maksimale stiet op oardel liter deis. It hert kin it focht net mear fuort krije. “Mar frou, ik ha sa’n toarst.” Mar Tryntsje is string; “Nee, do hast dyn part hân.” It is de leafde dy’t boppeslacht. En dan de sûkersyktepillen net te ferjitten. Oeral sit ek tefolle sûker yn hjoeddedei. It is moarns ‘as giet de jongfeint mei in biksbakje nei de skiep.’  De suster komt moarns om de steunkousen oan te dwaan. En de terapeut giet mei Tseard te oefenjen. Mar in soad nocht hat Tseard hjir net oan. Mar wat hat er lêst hân fan de pine yn de fuotten! Plus, dan moat der sa no en dan in spuit B12 yn. “De earste yn’t bil en dêr ha ik neat fan fernommen. Dat koe bûtendoar wol eefkes sei de suster. De broek mar eefkes del. Oare kear sei ik; it kin wol yn de earm. Mar dat wol ik net wer. De hiele earm stiif. Oare kear mar wer yn de kont.” Simmerdeis is Tseard in knoarre bûtendoar en no komt de tiid wer om te puzzeljen. Der wurde puzzels fan 500, 1000 en sels 1500 stikjes brocht. Jawis, 2000 stikjes kin der ek noch by. Sa komt Tseard mei krantelêzen, puzzeljen en folk oer de flier de tiid wol troch. In hoart lyn hie Tseard in strieminne nacht. “Ik tocht, no hellet de grutte Baas my op.” 

Wat in libbensferhaal! Fan alles en noch wat meimakke.  

Mar as ik freegje hoe as Tseard werom sjocht op syn libben en hoe hy it ûnder gien hat, dan komt tige wis de finger omheech de loft yn; “Kracht fan boppen!” 

In Psalm tekst dy’t my troch de holle sjit past tink ik goed by Tseard en Tryntsje; “Genedich en rjochtfeardich is de Heare en barmhertich is ús God. De Heare hoedet de ienfâldigen; ik wie der min oan ta, mar Hy hat my ferlost. Kom wer ta rêst, sis ik tsjin mysels, Want de Heare hat dy goed dien.” Psalm 116:5-7. Ferskate stoarmen troch stien en dan altyd de lijte en beskerming wer fine by ‘de grutte Baas’. Hy hat alle tiden yn Syn hân. Hy stiet bûten ús tiid en romte en is de altyd Oanwêziche. 

 

Dan is it noch tiid foar wat foto’s. 

Eefkes in foto tegearre, mar sa as sa faak hoecht it net, se steane al sa faak op de foto. Mar ik krij it foar elkoar; in knuffelfoto. “Ja, wy knuffelje noch wol hear!” Tseard en Tryntsje; oprjocht en tige behelpsum foar elkenien. En dêr by altyd ienfâldich en leafst wat op de achtergrûn. It stiet harren tige te priizgjen. De âlde klok tikket troch en slacht de oeren troch de dei. De tiid stiet net stil en hâld gjin skoft, mar soms is in momint beferzen yn de ivichheid. It docht my noch tinken oan dy sneintemiddeis yn 2016, dêr wie sa momint. Syb v d Ploeg en Wiebe Kaspersma soene yn ús tsjerke optrede. De kaarten wiene skjin útferkocht; witwersanne kamen de leafhawwers wei. Nei dat de mannen de soundcheck dien hiene moast ik se in oerke ‘kwyt’. Botsje moast de tagongsbewizen ôfrekkenje mei de ‘de Kastfans’ yn ‘de Wier’. Ik hie betocht de mannen moasten eefkes by Tseard en Tryn ûnderdûke, op de tee. Dat gie oan. Ik kaam mei harren beiden yn de keamer en sei; “Dit binne Tseard en Tryntsje en dêr hâlde jimme it wol in oere praten mei, want Tseard hat mear as 50 jier sneinskoalle dien.” Doe’t de tsjerke om healwei fjouweren grôtfol siet helle ik Syb en dy op. Syb sei, gean mar foarút, wy komme der oan. En doe kamen se yn tsjerke; Syb hie Tseard by de hân en Wiebe Tryntsje en se songen; “’Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy. ’t Bin mar fjouwer lytse wurdsjes en al makket ús dat soms wat bang. ‘k Ha dy leaf wol alvestêden lang.” It publyk wie rekke!  Guon hiene de triennen yn de eagen. De tiid stie eefkes stil; in tel koest de ivichheid fiele. 

 

Prachtige minsken. Kinst der wol in boek oerskriuwe. 

Kinst mar tankber wêze ast mei sokke tiidgenoaten in eintsje oprinne meist. Tank Tseard en Tryntsje foar jimme ferhalen en jimme tiid. Dat jimme noch mar in skoft by elkoar bliuwe meie yn de jûntiid fan it libben.  

 

Fêdde – foarhinne de ‘reporter’. 

 

 * Taheakke; 

Wa’t mear witte wol oer hoe as alles om en ta gong by de begraffenisferiening, dy kin ik alle ynformaasje oer de mail tasjoere. bloemhof.fedde@gmail.com 

Rintsje Winia hat doedestiids alles yn it wurk setten om alles sa kreas en krekt mooglik op pepier te setten. Tige tagonkelik en oersichtelik skreaun.  Rintsje wie op dit mêd ek tige serieus, sa as hy mei alle saken wie. As Rintsje wat oanpakte, dan stie er derfoar! Dan gie hy derfoar! Wa fan de lêzer hat net it skitterjende boek ‘Offenwier – doarp tusken Grienedyk en Aldfeart’ op de boekenplanke stean? Rintsje hat der jierren oan wurke. Dêr is wol safolle wurk yn sitten gien, dêr meie wy postúm noch wolris beneame!  Ek foar Wiernijs en seker ek de begraffenisferiening hat Rintsje in protte betsjutten. Dat mei en moat by dizze útjefte neamd wurde; yn alles klinkt noch de echo fan Rintsje syn wurksumheden troch foar it doarp Offenwier!