Yn it jier 1335 is de tsjerke troch de helpbiskop fan Utrecht oan de patroanhillige Nicolaas wijd. Der is troch de ieuwen hinne nochal wa feroare oan de tsjerke. Skoalmaster Eile van der Wal dy’t fan 1830 ôf oant syn dea yn 1860 oan de pleatslike skoalle ferbûn wie, skriuwt hjiroer:

 

 

“In 1850 zijn kerk en toren vertimmerd. Toen is er een muur om de oude van groote onbehouwen Friezen heen gebouwd. De kerk had een steenen vloer met eenige grafsteenen en voor den toren stond een klimop. De buitendeur van de toren was van eikenhout zeer zwaar en sterk en beslagen met duizende spijkers. In de kerk lag een zolder, (die in 1882 door een plafond is vervangen (Red.)). Boven de deur aan den ingang van het kerkportaal kon men lezen: Geen schooner les van meerder kracht, Dan Micha zes en wel vers acht. Daarop volgende wat deze schriftuurplaats geeft te lezen.

 

In 1850 zijn er vensters aangebracht in den blinden muur naar de zijde van den weg”.

 

 

 

De tsjerke stiet op de gemeentelike list fan beskerme monuminten om’t it 'sûnder wryt of slyt' is, om reden fan it arsjitektoanysk karakter en de werkenberens as doarpstsjerke.

 

De âlde klok yn de toer hie it opskrift:

 

Offenwier 1637 den 6 Meerte hebben mi laten gieten van M.F.S.

 

De klok is troch de Dútske besetter yn maart 1943 fuorthelle en is nei de twadde wrâldkriich net weromkommen.

De hjoeddeiske klok is yn 1948 getten en op 17 desimber pleatst. De nije klok is getten troch Jacobus van Bergen te Midwolda en hat twa opskriften:

 

1943

Geveld door Duitsch geweld

Door burgerij en Kerkvoogdij hersteld

1948

 

en

 

Luiden wil ik voor de dooden

Levenden ter Kerke nooden

 

 

Het oargel is fan de firma Bakker en Timmenga út Ljouwert, hat as opskrift Anno 1907 en is wijd op 8 jannewaris 1908. It oargel hat fl 1100,00 koste.